“KOFJE MEI IN FERHAAL” mei JAN BLES
Tongersdei 6 febrewaris komt Jan Bles syn libbensferhaal fertellen.
Jan groeit op yn Wergea mei syn âldste broer Beene en twalingbroer Henk.
It is in jonge fan syn tiid, dus altyd bûten boartsje, kattekwea úthelje, keatse en omdat syn heit dat belangryk fynt euphonium spylje by de Kriich. Muzyk en keatsen, it bliuwe libbenslange passys.
Hy fynt wat skoallen oanbelanget syn draai pas op de Suvelskoalle yn Bolsward. Dan nimt syn libben letterlik en figuerlik in flecht, want foar Friesland Campina wurket en wennet hy oer de hele wrâld. Om mar in pear lannen te neamen: Nigeria, Indonesië, Vietnam ( wêr’t syn dochter berne wurdt út syn houlik mei in Peruaanse frou).
Doe’t hy de earste kear mei in oare kultuer yn oanrekken kaam, waard him dúdlik dat him dat as minsk yntens rekke. Iepen stean foar minsken dêr’t hy mei wurkje moast, dat is wat wichtich is. Hy ferdjippet him noch altyd yn antropology, mar ek yn alles wat te krijen hat mei iten. Noch in passy fan him: iten en hoe’t dat makke wurdt, wêr’t it weikomt, duorsemens, sûnens. Net foar niks iepene hy yn Wâldsein mei syn freondin Nienke de Boer restaurant “Omke Jan”.
“Ik bin en bliuw krekt as in bern altyd nijsgjirrich”, sa fertelde Jan ús.
As jim dat no ek binne, noegje wy jim fan herte út om te kommen op dizze nijsgjirrige moarn.
Foar elkenien dy’t tongersdeitemoarn frij hat.
6 febr 2025 10.00 oere (ynrin 9.30 oere)
Tagong fergees
Kofje en tee: €1,-
Graach oant sjen,
Isabel Hoogwater, Rommy van Lingen, Grieteke van der Vlugt