Wergea - Sutelaksje Fryske Boek op sneon 24 oktober

Wergea – Sutelaksje Fryske Boek op sneon 24 oktober

Filmkafé Bagdad Wergea sil wer mei de Fryske boeken by de doaren del. We komme op sneon 24 oktober tusken 10.00 en 14.00. Ophelje yn it Doarpshûs kin dan ek. Mobyl pinapparaat is oanwêzich.

Fanút Us Doarpshûs sille de sutelders mei de kroaden fol boeken by jo del komme. Om bewenners yn ús doarp entûsjast te meitsjen foar de nijste Fryske boeken, wurdt der fantefoaren in folder mei ynformaasje ferspraat. We ha alle kearen in grutte groep minsken dy’t ús helpe mei it suteljen, wolle jo ek meidwaan: lit it ús witte.

Ek dit jier wurdt der rûnom yn de provinsje sutele. Yn gearwurking mei de stifting Boeken fan Fryslân hat skriuwer Ferdinand de Jong it suteljen fan Fryske boeken wer oppakt. Foar ferienings betsjut dat in leuke ekstra opbringst foar de klubkas, want 25% fan de omset mei men hâlde. Filmkafé Bagdad brûkt it jild foar de filmfoarstellingen en oare kulturele aktiviteiten.

Rimmy Tijsma-Sinnema – 06-51210433

Frans Slaterus – 06-20398668

filmkafebagdad@gmail.com