Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Kofje mei in Ferhaal: kreative tûzenpoat Tjitske Dijkstra

1 februari 10:00

Tongersdei 1 febrewaris komt Tjitske Dijkstra har libbensferhaal fertellen.

Fan de Kalsbeekstrjitte yn Wergea nei Villa Zonnehof yn Ulrum en alles wat der tuskenyn sit.
Se hat toanielspile, regisearre, skriuwt gedichten en musicals, organiseart kulturele evenementen ( earst op Skiermonnikeach en no ek yn Ulrum). It kraanfûgel fersameljen ( 298.000) as oantinken oan de ramp mei de MH17 brocht har faak yn it nijs.
Se is rekkendocent op it ROC, mar soe se der fan bestean kinne, dan waard se folop keunstner.
Har atelier stiet fol mei borduurwurken dy’t se op alle mooglike manieren ferwurket yn meubels,attributen, klean ensfh.
Yn de feestwike fan Wergea 600 seagen we in oar projekt fan har. Opsichtlike Rêst-Stikjes. Borduurde kessens fan markante doarpsbewenners dy’t doe op de Havensbank leine en no yn Us Doarpshûs.

Sûnder mis wurdt dit wer in prachtige moarn.

Foar elkenien dy’t tongersdeitemoarn frij hat.

1 febrewaris 10.00 oere
Us Doarpshûs
Tagong fergees.
Kofje en tee: € 1,-

Graach oant sjen,
Isabel Hoogwater, Rommy van Lingen, Grieteke van der Vlugt.

Gegevens

Datum:
1 februari
Tijd:
10:00
Evenement Categorieën:
, ,