Kofje mei in ferhaal mei Houkje Rijpstra

Nei de eardere gastsprekkers Geert-Jan Vaartjes en Theo Smeding wie op 2 febrewaris 2023 Houkje Rijpstra oan bar om har libbensferhaal foar it fuotljocht te bringen. Sa ’n fyftichtal besikers koe sy hjir dielgenoat fan meitsje. En dat die sy op in treflike wize. Mei ûnderstypjen fan foto ’s liet sy sjen op hokker wize sy yn Wergea berne en opgroeide, wa ’t har freondintsjes wiene, hoe oft sy de skoalletiid belibbe hie en oer har lettere hâlden en dragen yn Wergea yn bygelyks de jeugdsoos, de merke, de Kriich en it frouljus fuotbal. Tige nijsgjirrich. Oant en mei har middelbere skoalletiid hat sy yn Wergea wenne. Doe is sy mei har Lucas Talsma ferfearn nei de Trynwâlden en dêr wenje sy noch hieltyd ta folle tefredenens. Hjir wie sy û.o.: redaksjelid fan Actief Burgum, (ein)redaktrise fan Omrop Fryslân, wethâlder fan de gemeente Tytsjerksteradiel en direkteur fan Circulair Friesland. Sûnt in jier is sy no direkteur/bestjoerder fan Omrop Fryslân. In machtige karriêre. Yn it skoft kofje as tee, dat heart ommers by sa ’n moarn, mar wol foar in hiel skaplik pryske. Nei it skoft hat sy it út ‘e doeken dien hoe oft de hjoeddeistige Omrop Fryslân ûnstien is en hoe oft de Omrop hjoed-de-dei rydt en fart en wat de Omrop betsjut foar ús provinsje. Al mei al in hiel moaie ûnderhâldende moarn.

Op 2 maart 2023 is Marieke Meinderts de folgjende gastsprekster.

Jelle Dijkstra